Terug naar de startpagina

Voor dagbesteding en ontspanning hoeven onze cliënten niet te reizen.

Deibesteging

Baksto graach cupcakes, fynst it moai om bisten te fersoargjen of wolst winskkaarten meitsje en ferkeapje? Dat kin by Maeykehiem! Leaver wat stoerders as produksjewurk, skilderje of mei hout wurkje? Dan moatst ek by Maeykehiem wêze. Wy hawwe foar elkenien in aardige, kreative en sinfolle deibesteging.

Aldere kliïnten mei mearfâldige beheinings hoege ek net stil te sitten. Foar jim hawwe wy in protte aktiviteiten yn ’e hûs dy't rjochte binne op belibbing. Swimme, nifelje, puzzelje en kuierje kin allegear op it haadterrein fan Maeykehiem yn Sint Nyk. Of wat tochten jo fan snoezelje; hearlik genietsje troch ljocht, kleuren, lûden en taast? En sels fan deistige, húshâldlike putsjes meitsje wy in noflike en ûntspannende deibesteging.

Us kliïntadviseurs geane graach mei jo op ’e syk nei in gaadlike deibesteging. En as wy net yn ’e hûs hawwe wat jo wolle, soargje sy dat wy it krije. Jo kinne fia it formulier op de thússide kontakt mei harren opnimme.