Terug naar de startpagina

Cliënttevredenheidsonderzoek: "Maeykehiem is een warme deken. Wij zijn blij dat onze dochter hier een plekje heeft."

Ik sykje soarch

Maeykehiem biedt help by wenjen, soarch en deibesteging oan alle minsken mei in ferstanlike beheining yn Súdwest-Fryslân. Wy hawwe in grut ferskaat oan kliïnten: kliïnten dy't sels in hiele protte regelje kinne, kliïnten mei mearfâldige beheinings en kliïnten mei lêstich fersteanber gedrach. Wy binne spesjalisearre op it mêd fan epilepsy en helpe elkenien om sa selsstannich mooglik te wêzen. Just minsken mei in ferstanlike beheining hawwe faak epilepsy. It is in yngewikkelde oandwaning dy't grutte ynfloed hat en sels libbensbedriigjend wêze kin. Dêrom hawwe wy in tiim fan saakkundigen klear stean om jo bern of in oar famyljelid te helpen.

Meiïnoar nei de bêste oplossing sykje
De beslissing om de soarch foar jo bern (foar in part) út hannen te jaan is in hiele drege. Dy nimme jo net samar. Dat begripe wy. En dêr kinne wy jo by helpe. Mei jo sykje wy nei it bêste plak en de bêste oplossing foar jo dochter, soan, broer of suster.

Soarch- en behanneltiim
Wy hawwe in grut ferskaat oan kliïnten en dat jildt ek foar ús soarchtiims. Us meiwurkers jouwe yntinsive soarch as dat nedich is en begeliede mei de hannen op ’e rêch as dat kin. Kliïnten en soarchtiims kinne foar spesjale soarchfragen in berop dwaan op it behanneltiim fan Maeykehiem. Dat bestiet út artsen foar ferstanlik beheinden, gedrachsdeskundigen, bewegingsbegelieders, fysioterapeuten & logopedisten. Dêrnjonken is der in spesjalisearre epilepsytiim.

Behanneling
Dit tiim fan psychiaters, artsen, gedrachssaakkundigen en neuropsychologen hat alles yn ’e hûs om fluch treffende diagnoazes te stellen en de bêste behannelplannen te meitsjen. Wy bouwe in netwurk fan saakkundigen om ús kliïnten hinne. Dat netwurk is 24 oeren deis berikber en siket hieltyd nei de bêste behanneling foar eltse kliïnt apart

Epilepsy
Mei de juste medikaasje en goede begelieding kinne wy it libben fan jo bern of famyljelid mei epilepsy maksimaal ferbetterje. Fan it Soarchkantoar krije wy jierliks ekstra jild om de behanneling hieltyd fierder te ferbetterjen. Mei dat jild dogge wy ek ûndersyk nei de oarsaken en it ûntstean fan epilepsy.

Fluch hannelje
Ynsults by epilepsypasjinten kinne wy nea foarkomme, mar wy soargje dat oantal en yntinsiteit minder wurde. De soarchtiims, dy't it tichtst by de kliïnten stean, witte boppedat wat der bart en kinne fluch hannelje.

Beskermingsmiddels
Maeykehiem hat in grut tal middels en ynstruminten dy't it libben fan kliïnten mei epilepsy helpe te beskermjen. Mei kamera's, bewegingsmelders en mikrofoans kinne wy ûngewoan gedrach registrearje en fuortdaliks yngripe. Fansels sette wy dizze middels inkeld yn nau oerlis mei kliïnten en famyljeleden yn. Want beskerming mei gjin frijheidsbeheining wurde.