Terug naar de startpagina

Medewerkers van Maeykehiem zijn nooit uitgeleerd.

Wurkje en leare

Maeykehiem fynt it wichtich dat elkenien yn de organisaasje him of har hieltyd ûntwikkelje kin. Dat is goed foar de meiwurkers sels én foar de kliïnten. De soarch feroaret ommers ek hieltyd. Dêrom stiet by ús 'in libben lang leare' sintraal. Dat betsjut dat wy al ús meiwurkers, fan stazjêrs oant de meast betûfte profesjonals, de kâns jouwe om alle dagen te learen.

Gearwurkje
Leare en ûntwikkelje dogge wy net allinnich, mar yn ’e mande mei it Friesland College en NHL Stenden Hogeschool. Dosinten en studinten jouwe en folgje by Maeykehiem ûnderwiis op de saneamde praktykrûte. Sa leare studinten, meiwurkers en dosinten fan- en meiïnoar.