Aldere kliïnten mei mearfâldige beheinings hoege ek net stil te sitten. Foar jim hawwe wy in protte aktiviteiten yn ’e hûs dy’t rjochte binne op belibbing. Swimme, nifelje, puzzelje en kuierje kin allegear op it haadterrein fan Maeykehiem yn Sint Nyk. Of wat tochten jo fan snoezelje; hearlik genietsje troch ljocht, kleuren, lûden en taast? En sels fan deistige, húshâldlike putsjes meitsje wy in noflike en ûntspannende deibesteging.

Foto: Peter Wassing.
Sint Nicolaasga. Foto t.b.v. website.
Opdracht 150 km. t.a.v. Laura Bossink
Us kliïntadviseurs geane graach mei jo op ’e syk nei in gaadlike deibesteging. En as wy net yn ’e hûs hawwe wat jo wolle, soargje sy dat wy it krije. Jo kinne fia it formulier op de thússide kontakt mei harren opnimme.