Wenje by Maeykehiem

Maeykehiem hat trije lokaasjes yn it súdwesten fan Fryslân; keamers en apparteminten foar kliïnten mei in ferstanlike beheining dy't sa selsstannich mooglik wenje wolle, en groepswenten dêr't wy yntinsive soarch biede. Op al ús lokaasjes is 24 oeren deis tafersjoch en begelieding. Om kliïnten te stypjen, of as dat nedich is, te fersoargjen.

Us haadfêstiging stiet yn Sint Nyk. Hjir wenje santich kliïnten ferdield oer trettjin groepswenten. Alle bewenners hawwe in eigen sit- en sliepkeamer, yn de mienskiplike wenkeamer kinne se tiid meiïnoar trochbringe. Yn de groepswenten libje kliïnten meiïnoar dy’t troch in mearfâldige handikap yntinsive soarch nedich hawwe.

Op itselde terrein hawwe wy ek seis studiowenten, dêr’t kliïnten selsstannich wenje mei begelieding op ôfspraak. Op it terrein yn Sint Nyk kinne kliïnten swimme, sporte, bisten fersoargje, wurkje, puzzelje en nifelje.

Bewegingssintrum:
Kliïnten hawwe baat by beweging, foaral kliïnten dy’t dat troch in mearfâldige handikap sels net goed kinne. Maeykehiem hat in eigen swimbad en bewegingssintrum, op it haadterrein yn Sint Nyk. Us kliïnten kinne dêr sporte en swimme mei ús begelieders, mar ek mei har famyljeleden.

Tsjerkeleane Sint Nyk
Yn de Tsjerkeleane hawwe wy ferskate mooglikheden foar kliïnten om selsstannich te wenjen. Yn in groep of allinnich.

Langwar
Wa’t wolris yn Langwar komt, kin der net omhinne: in prachtige, grutte en nagelnije pleats by de yngong fan it doarp. 29 kliïnten wenje dêr, meast selsstannich. De boppeste ferdjipping bestiet út fiif apparteminten, elk mei in eigen wen- en sliepkeamer, keuken, dûs en balkon.

De twadde ferdjipping is ynrjochte foar jonge minsken dy’t it hûs net útkomme en leare wolle om op eigen fuotten te stean. De acht jongelju hawwe in eigen sit- en sliepkeamer. Oerdeis gean se nei skoalle, deibesteging of wurk ta. Jûns kinne se ûntspanne yn de mienskiplike wenkeamer, de fitnessromte of de snoezelkeamer.

Op de ûnderferdjipping fan de pleats yn Langwar binne de keamers en mienskiplike romten fan twa groepen fan acht kliïnten dy’t mear begelieding nedich hawwe.

Snits
Oan De Spitaal yn Snits wenje njoggen kliïnten byinoar. Hja siede en ite meiïnoar, regelje selsstannich de boadskippen en it húshâlden en hâlde fan in mienskiplike ‘buorrel’ op freedtejûn. Tichtby skoallen, supermerken en sportferienings is De Spitaal yn Snits de ideale útfalsbasis foar kliïnten dy’t leare wolle om selsstannich te wenjen. Alle bewenners hawwe in eigen sit- en sliepkeamer. Under binne in mienskiplike wenkeamer en keuken.